'Sintrale As fan libbensbelang'

15 des 2005 - 08:18

Undernimmers út noardeast-Fryslân moatte folle mear dúdlik meitsje dat de Sintrale As der komme moat. Dat seit wethâlder Boorsma fan Dongeradiel.

De lêste tiid binne der foaral krityske lûden te hearren oer de ûntslutingsdyk tusken Dokkum en de Wâldwei by Nyegea. Boorsma wol foarkomme dat de provinsje it gefoel krijt dat de Sintrale As allinne mar wjerstân opropt. Boargers en ûndernimmers moatte dúdlikmeitsje dat de dyk fan libbensbelang is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)