Sintrale Burgum yn wykein aktyf

11 aug 2003 - 00:00

De elektrisiteitssintrale yn Burgum hat foar it earst sûnt jierren wer yn in wykein draaid. Dat hat alles te krijen mei de problemen dy't der op dit stuit binne mei de stroomfoarsjenning.

De behearder fan it elektrisiteitsnet, Tennet, hie de saneamde Code Rood jûn. Dat hâldt yn dat der in stroomtekoart driget. Dêrom moast yn it wykein de Sintrale yn Burgum ynset wurde. Dy sintrale is ûnderdiel fan Elektrabel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)