Sintrale Burgum ferdwynt faaks

22 nov 2005 - 12:30

De bou fan trije nije sintrales troch enerzjykonsern Electrabel soe wol ris betsjutte kinne dat de sintrale fan Burgum oer fjouwer jier ferdwine moat. Moandei makke it konsern bekend twa moderne gassintrales op te setten yn Flevolân en in stienkoal- en biomassasintrale te iepenjen op de Maasflakte.

Dizze nije sintrales leverje hast oardel kear safolle enerzjy as de âlde. Burgum wurdt dêrom faaks minder ynset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)