Sinteklaasdrokte yn de stêd

03 des 2000 - 15:01

In protte Friezen dienen sneon de lêste Sinteklaas-ynkeapen. Yn Ljouwert wie it hiel drok yn de winkels en op strjitte. Foar de pinautomaat stie in lange rige om de kadootsjes betelje te kinnen.

Op de Nijstêd klonken Sinteklaasferskes om it winkeljend publyk yn de sfear fan it bernefeest te krijen. Alhoewol't de âld-hillichman tiisdei syn jierdei hat, fiere in soad syn feest al dit wykein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)