Sinteklaas liket út de krisis te wêzen

05 des 2015 - 15:52
  • Sinteklaas op de Skrâns yn Ljouwert
  • Sinteklaas op de Skrâns yn Ljouwert
  • Sinteklaas op Skrâns

De krisis liket foarby, ek foar Sinteklaas. Op Sinteklazedei binne sneon in soad kado's ferkocht. De winkellju binne tefreden, ek al ûnderfine se grutte konkurrinsje fan ynternet.

It docht bliken dat Sinteklaas hjoed-de-dei in soad bestelt, thús op 'e kompjûter. PostNL brocht fan 'e wike op ien dei mear as in miljoen pakketten del. Populêr binne noch hieltyd Lego en buordspullen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)