Sinteklaas iepent nijbou skoalle

01 des 2003 - 00:00

Sinteklaas hat moandei yn Boalsert de nijbou fan de Sint Maarten skoalle iepene. De skoalle krige der fiif nije lokalen by. Mei âld en nij yn 1998 wie in stik fan de skoalle ôfbrând. Doe is der ek al in stik oanboud, mar de skoalle wie al gau wer te lyts.

Der sitte hast 500 bern op de skoalle en takom jier komt der wer in ekstra beukergroep by. De bern krigen moandei allegear wat yn de skoech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)