Sinteklaas, hâld dyn miter fêst: wynkrêft 9

05 des 2015 - 13:35

Sinteklaas kin sneontejûn de miter mar better fêsthâlde. It wurdt nammentlik rûzich waar. De súdwestike wyn kin oanhelje oant hurd, krêft 8 of 9. It termo-ûnderguod hoecht net oan ûnder it biskopshabyt, want it wurdt mei 10 graden oerdeis en 7 jûns net echt kâld.

Op de Skrâns yn Ljouwert koene bern sneontemiddei Sinteklaas ek útswaaie. It inisjatyf is ûntstien omdat guon bern it mar neat fine dat de Sint alle jierren stil weiwurdt út lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)