Sint Thomaslieden yn Ketlik

28 des 2002 - 00:00

Yn Ketlik wurde al jierren lang oan de ein fan it jier de klokken let. It tradisjonele Sint Thomaslieden luts sneon sa'n twahûndert nijsgjirrige besikers. Te gast wienen lieders fan it gilde út Brielle yn Súd-Hollân. Fia ynternet binne de klokkelieders mei elkoar yn kontakt kommen. Mei elkoar lutsen se oan de touwen om lúd út de klokken te krijen.

It Sint Thomaslieden wurdt de lêste tsien dagen fan it jier yn Ketlik dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)