Sint Piter wer yn Grou

14 feb 2004 - 00:00

Tûzenen bern en har âlden yn Grou ha sneontemoarn Sint Piter wolkom hiten. Al ieuwenlang wurdt yn Grou net Sinteklaas, mar Sint Piter fierd. Sint Piter liket op Sinteklaas, mar hat in wite mantel en rydt op in Frysk hynder yn plak fan in skimmel.

It feest yn Grou duorret in wike. Der wurdt ûnder oare in toanielstik opfierd. De oarsprong fan it Sint Piter-feest leit yn de fiering fan it maitydsfeest om 22 febrewaris hinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)