Sint Piter komt oan by stoarm

15 feb 2014 - 11:33
  • Sint Piter feilich oankaam yn Grou
  • De boat fan Sint Piter leit oan
  • Sint Piter krekt fan de boat yn Grou
  • Sint Piter stapt op it hynder by Hotel Oostergo

Nettsjinsteande de stoarmige wyn is Sint Piter sneontemoarn dochs oankaam yn Grou. De hillige arrivearre om healwei alven oan by de Kade yn it doarp. Dêr waard er wolkom hiten troch boargemaster Crone. It wie foar it earst dat Crone Sint Piter begroete. Dat is omdat Grou sûnt de gemeentlike weryndieling ûnder Ljouwert falt.

Op freed 21 febrewaris fiert Sint Piter syn jierdei, ûnder oare op de basisskoallen yn Grou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)