Sint Nykster twad by maraton

25 feb 2001 - 15:18

Yn Assen is sneon de lêste KNSB-maraton fan dit seizoen riden. Earste waard de eardere Alvestêdetochtwinner Henk Angenent. Jeroen de Vries fan Sint Nyk einige as twad. Jan Maarten Heideman waard earste yn it einklassemint.

Ald-Olympysk kampioen (yn 1976 op de 10 kilometer) Piet Kleine (49) naam ôfskied fan it peloton. De KNSB joech him as ûnderkieding in gouden wurdearringsspjeld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)