Sint-Nyk reagearret kalm op eask yn oanridingssaak

03 apr 2015 - 12:49
  • Sint-Nyk

De saak tsjin de 58-jierrige frou út Sint-Nyk dy't yn augustus ferline jier mei opsetsin twa jonges oanried, hâldt it doarp no net mear bot dwaande. Der ûntstie de ôfrûne simmer wol opskuor nei de oanriding, mar nei it útsprekken fan de eask, tongersdeitemiddei wurdt der net in soad oer praat. Likegoed stiet Doarpsbelang klear as guon doarpsbewenners oer de saak prate wolle.

Tsjin 58-jierrige frou waard tongersdei oardel jier selstraf easke fanwege in poging ta deaslach. Ek soe de frou trije jier lang net autoride meie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)