Sint Nyk: poging ta deaslach

12 aug 2014 - 14:43

It Iepenbier Ministearje (IM) fertinkt de 57-jierrige frou út Sint Nyk fan poging ta deaslach. Dat hat justysje bekend makke. De frou soe de twa 14-jierrige jonges út Sint Nyk mei opsetsin oanriden hawwe.

Ien fan de jonges leit noch hieltyd yn kritike tastân yn it sikehûs. Hy wurdt yn koma hâlden. It oare slachtoffer rekke licht ferwûne en is wer thús. Woansdei wurdt bekend of de frou noch langer fêst sitten bliuwt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)