Sint Nyk krijt biogasbedriuw

22 jul 2011 - 15:17

Enerzjybedriuw Eneco wol in grut biogasferwurkingsbedriuw bouwe op it nije bedriuweterein by Sint Nyk. It bedriuw krijt ûnder oaren in fergister fan goed 12 meter heech. Dêryn soene dan gers en itensresten ferwurke wurde kinne ta grien gas. It is foar Eneco it twadde biogasbedriuw fan ús lân, mar it earste yn Fryslân.

It gas soe net allinich levere wurde oan it gasnetwurk, mar der komt ek in pomp foar auto's op gas. Tongersdei waard it doarp bypraat oer de plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)