Sint Martinusrinner (10) oanrand

14 nov 2000 - 12:13

In jonkje út Ljouwert (10) is sneontejûn troch in ûnbekende man oanrand op 'e Fedde Schurerwei. Nei it Sint Martinusrinnen waard er ûnder bedriging fan in mes de boskjes yntreaun en betaaste.

Doe't de man eefkes losliet, koe it jonkje útnaaie. De plysje hat in grut ûndersyk ynsteld. De lêste tiid wurde yn 'e wyk Westeinde wol faker bern lestich fallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)