Sint Jabik wint yn Weidum

27 apr 2014 - 17:28
  • Winner Sint Jabik

De earste haadklasse keatspartij fan dit jier, de Bangma-ôfdielingspartij yn Weidum, is wûn troch Sint Jabik dat dêrmei de titel prolongearre.

Yn de finale stienen Ljouwert mei Gert-Anne van der Bos, Hans Wassenaar en Daniël Iseger, en Sint Jabik mei Bauke Triemstra, Renze Pieter Hiemstra en Taeke Triemstra. Yn in spannende finale kaam alles oan 'e hang. Op 5-5 en 6-6 sloech Van der Bos fan Ljouwert foar.

De lytse preemjes wienen foar Bitgum mei Johan van der Meulen, Cornelis Terpstra en Tjisse Steenstra en foar Minnertsgea mei Chris Wassenaar, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)