Sint Jabik wint bekerfinale

15 sep 2012 - 17:58
  • Keatsen

Yn in spannende finale hat it partoer fan Sint Jabik de bekerkompetysje fan it ôfdielingskeatsen yn Dronryp wûn. De bruorren Bauke en Taeke Triemstra wienen tegearre mei Renze Pieter Hiemstra mei 5-5 en 6-4 it partoer fan Minnertsgea mei Chris Wassenaar, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra de baas.

De dielnimmende keatsers binne posityf oer de bekerkompetysje, dy't dit jier foar it earst organisearre waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)