Sint Anne:57 hûzen yn ien kear

21 feb 2008 - 14:04
  • Sint Anne krijt der yn ien kear hast 60 nije hûzen bij

Oan de noardkant fan Sint Anne wurdt yn ien kear in nije wenwyk boud, mei 57 hûzen. It giet om keaphûzen yn it plan Nije Kamers. De hûzen binne noch net ferkocht en wurde delsetten op risiko fan de projektûntwikkelder.

Dy ferwachtet dat de ferkeap better giet, as potinsjele keapers de hûzen besjen kinne. De nije hûzen wurde ferkocht foar 200.000 oant 450.000 euro. De bou begjint oer twa wiken. Takom jier moat alles bewenne wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)