Sint Anne wint NK jonges

13 jun 2009 - 18:04

Sint Anne hat sneon yn Easterein it NK keatsen foar jonges fan 14 oant 16 wûn. Yn 'e finale wiene Sjoerd de Jong, Jeroen Westra en Krijn Hiemstra te sterk foar Seisbierrum, dat útkaam mei de keatsers Jelte Visser, Johannes van der Veen en Kees van der Schoot. It waard 5-4 en 6-6 foar de Biltkers.

Ferline wike baarnde de sportkantine fan keatsferiening Sint Anne ôf, wêrtroch hast alle prizen ferlern giene. Mar no komt der dochs wer in moaie priis by yn Sint Anne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)