Sint Anne wint Jong Nederlân

13 jul 2013 - 18:04
  • Nei de lêste slach
  • Winner Sint Anne

Sint Anne mei de keatsers Rein Hiemstra, Krijn Hiemstra en Sjoerd de Jong, hat sneon yn Minnertsgea de Jong Nederlân partij, it Nederlânsk kampioenskip foar junioaren, wûn. De finale wie folslein Biltsk. Tsjinstanner Sint Jabik, mei Bauke Triemstra, Enno Kingma en Rick Poortstra, kaam der lykwols net oan te pas. Sint Anne wûn mei 5-3 en 6-6. It wie foar Sint Anne de tredde oerwinning op rige op de Jong Nederlân partij. Dat is gjin rekôr. Dat stiet mei fjouwer oerwinnings op rige op namme fan Berltsum. De lytse preemje wie foar Minnertsgea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)