Sint Anne tichter by 2e klasse

14 maaie 2008 - 09:25

Yn de neikompetysje fan de tredde klasse hat Sint_Anne in goede stap set yn de rjochting fan de finale. De Biltkers wûnen de earste wedstriid yn en fan Frjentsjer mei 3-1.

Klaas_Jan_Bijlsma brocht Frjentsjer noch op 1-0. Tjibbe_Ferwerda, Rudy Fopma en Danny_Geurtsen bepaalden de einstân op 3-1 yn it foardiel fan Sint Anne. Kommende sneon treffe beide ploegen elkoar wer. Dan wurdt der yn Sint_Anne spile. De winner oer twa wedstriden besjoen spilet de finale.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)