Sint Anne: 6 jier of TBS easke

21 des 2010 - 17:23

It Iepenbier Ministearje easke tiisdei in TBS-behanneling of oars seis jier selstraf tsjin in man út Sint Anne dy't yn july in eksploazje feroarsake yn it hûs fan syn eks-frou. De fertochte (61) lei yn skieding mei syn frou. Him wurdt ferwiten dat hy nachts nei it hûs fan syn frou gien is. Hy soe benzine troch de brievebus getten ha, wat ta in eksploazje laat hat.

Justysje rekkenet him dizze die swier oan. De fertochte ûntkent dat er by de saak belutsen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)