Sinneskermbedriuw buorket goed

12 mrt 2012 - 11:25

It sinneskermbedriuw De Haan Westerhoff yn Drachten is op syk nei ekstra monteurs. De ôfdieling ûnderhâld en service is de lêste jierren sa groeid dat der oant tweintich nije monteurs nedich binne.

By it bedriuw wurkje no 85 minsken. Se krije hieltyd mear opdrachten rûnom út Nederlân wei. Dêrom iepenet it bedriuw yn Amsterdam in ekstra ferkeapplak. Ut it easten fan Nederlân wei streame ek opdrachten binnen. Dit wykein hat it bedriuw yn kranten dêr in advertinsje foar personiel set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)