Sinnepark op It Amelân foarsjocht húshâldens fan enerzjy

20 apr 2016 - 17:40

It Amelanner sinnepark docht it no al sa goed dat alle húshâldens op it eilân foarsjoen binne wat enerzjy oanbelanget. Dat jildt noch net foar bygelyks hotels, allinne noch foar fêste bewenners fan it eilân. It park moat noch offisjeel iepene wurde, mar dochs draait it de ôfrûne moannen al. Somtiden giet der sels ek al stroom nei it fêste lân. "We produceren iets meer stroom dan verwacht", seit Michel van Beek, de ûntwikkeler fan it park.

Sûnt moandei is it park yn eigendom fan de Amelander Energie Coöperatie, Eneco en de gemeente It Amelân. Dat binne no de trije oandielhâlders fan it sinnepark. Op It Amelân binne se ek al wer drok mei nije projekten. Parkearplakken moatte foarsjoen wurde fan carports mei sinnepanielen, ek moatte der sinnepanielen komme op bedriuwsloadsen en wolle se in projekt starte mei elektrysk ferfier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)