Sinnepark by Dokkum

29 apr 2013 - 12:04
  • Plaknammeboerd Dokkum

Dokkum kriget in sinnepanielpark dat 1700 húshâldens yn benammen de binnenstêd stroom jout. Wenten dêr krije faak gjin fergunning foar panielen op dakken. It sinnepark komt yn in greide flakby de stêd of op in yndustryterrein. It plak is noch net bekend.

Wethâlder Van der Ploeg tinkt dat in korporaasje fan partikulieren en bedriuwen de eksploitaasje fan it sinnepark wol dwaan kin. De ried hie al jild tasein foar ûndersyk en wurdt nije wike op de hichte brocht fan de plannen. It park moat yn 2015 klear wêze. It is sawat 10 hektaren grut.

Partikulieren kinne meidwaan mei oan it sinnepark yn ruil foar in legere stroompriis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)