Sinnepanielen as pompeblêden oer de provinsje

10 mrt 2016 - 12:46
  • In foarbyld fan in sinnepanielepompeblêd yn de Eeltsjemar

Sinnepanielebedriuw Powerfield út Dokkum wol sân reade fjilden mei sinnepanielen yn de foarm fan pompeblêden bouwe yn Fryslân. Fan boppen sjocht dat der dan út as de Fryske flage. It plan past neffens de inisjatyfnimmers binnen it belied fan de provinsje Fryslan. Ferskate gemeenten hawwe ek al posityf reagearre op de plannen.

Der moat noch wol it nedige regele wurde, lykas de miljeurapportaazje en fergunnings, mar Powerfield giet der fanút dat de panielen der yn 2018 mei Kulturele Haadstêd 2018 lizze sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)