Sinnepanielen op gemeentehûs

16 maaie 2013 - 10:43
  • Gemeentehûs op It Hearrenfean

It gemeentehûs op It Hearrenfean kriget fan 'e wike de twadde partij sinnepanielen. Se komme te lizzen op in trochgong mei in glêzen oerkaping yn it plak fan sinneskermen. Dy wiene oan ferfanging ta. De nije sinnebeskerming hâldt de waarmte tsjin en smyt ek noch enerzjy op.

De gemeente Hearrenfean is op dit stuit dwaande mei in kampanje om suniger mei enerzjy om te gean. Mei de sinnepanielen op it gemeentehûs wol de gemeente it goede foarbyld jaan. Ynwenners kinne 1000 euro subsydzje krije om harren hûs enerzjysuniger te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)