Sinnepanielen op fleanfjild

26 okt 2012 - 06:41
  • Duorsume enerzjy

De Amelander Energie Coöperatie wol sinnepanielen pleatse op it fleanfjild op it eilân. Op 10 hektare fan it terrein fan airport Ballum soene safolle panielen komme moatte dat der 6 megawatt stroom opwekt wurde kin. Dat is 20 prosint fan de enerzjybehoefte fan it eilân. De panielen wurde in meter heech.

It plan kostet 6,9 miljoen euro. De koöperaasje freget jild oan it Waadfûns, de provinsje en de gemeente. De AEC hopet fierder dat oandielhâlders jild op it kleed lizze wolle. De gemeente stiet achter it plan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)