Sinnepanielen op fakânsjehuzen

01 jun 2011 - 10:50

Alle fakânsjehuzen op It Amelân moatte in sinnekollektor krije fynt Hollumer Ton Verplanke. Hy oppere it plan yn de riedsgearkomste fan de gemeente.

Neffens Verplanke soene de wenten sa in flinke enerzjysintrale wurde kinne en is dat in goeie stap yn de rjochting fan in eilân dat himsels fan enerzjy foarsjocht. De fakânsjehuzen dy't lang net altyd bewenne bliuwe leverje stroom foar de wenten sels en foar it iepenbiere net. It kolleezje fan It Amelân sil it plan ûndersykje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)