Sinnepanielen op de Ofslútdyk

20 nov 2002 - 00:00

Twa bedriuwen yn sinnepanielen, Solar yn Suwâld en Sun Factory yn Amsterdam, wurkje al in heal jier oan in plan om 180.000 sinnepanielen oan de súdkant fan de Ofslútdyk te pleatsen. It plan is betocht troch de CDA-steatefraksje.

De sinne-enerzjybedriuwen wolle begjinne mei in proefopstelling fan 6000 panielen oer in lingte fan ien kilometer. Nei in jier sil sjoen wurde hokker problemen der binne. Dêrnei kin it projekt grutter oanpakt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)