Sinnepanielen op bedriuwsdakken op Flylân en Skylge

08 okt 2015 - 12:23

Undernimmers op twa Waadeilannen prate oer de pleatsing fan sinnepanielen op bedriuwsgebouwen. It giet om de eilannen Flylân en Skylge. Op wenten binne sinnepanielen yn 'e regel dreech, omdat in soad doarpen as beskerme doarpsgesicht dêr net geskikt foar binne. De petearen binne oant no ta ferkennend. Sa moatte de ûndernimmers útsykje oft de dakken wol geskikt binne foar sinnepanielen.

It stribjen is dat de Waadeilannen fan it jier 2020 ôf foar harren eigen enerzjy soargje.

It is de bedoeling dat de oare eilânbewenners ek de kâns krije om mei te dwaan. It dak fan in bedriuw wurdt dan in soarte fan mienskiplik sammelplak fan sinnepanielen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)