Sinnepanielen op basiskoallen Ferwerderadiel

17 aug 2015 - 09:00
  • Sinnepanielen

Basisskoalle It Fundamint yn Hallum hat dizze simmer it dak fol lein mei sinnepanielen. De skoalle docht mei oan in inisjatyf om enerzjy te besparjen yn kombinaasje mei in lesprogramma foar de learlingen oer duorsume enerzjy en technyk. De panielen wurde net kocht mar sille leasd wurde. Hjirtroch bliuwt de ynvestearring beheind.

De bedoeling is dat de kommende jierren tusken de 300 en 400 skoallen yn de trije noardlike provinsjes oan it projekt mei dwaan sille.

It inisjatyf foar it projekt komt fan sinnepaniele-leveransier Friesland Zon en doarsumensbedriuw Ekwadraat. Ek de skoallen yn Blije en Burdaard, dy't ûnderdiel útmeitsje fan deselde stifting as it Fundamint, krije sinnepanielen op it dak.

De ynstallaasje fan de sinnepanielen wie ek ûnderdiel fan de lessen fan de groepen 5 oant en mei 8 oer duorsume enerzjy. Neffens de skoallen moatte bern leare dat enerzjy net fanselssprekkend is en dat dêr sunich mei omsprongen wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)