Sinnepanielen fan flat waaid

06 jan 2012 - 12:05

Troch de hurde wyn is tongersdei yn Drachten in ynstallaasje mei fyftich sinnepanielen fan it dak fan in flat oan de Feanskieding ôfwaaid. Hy kaam oan de foarkant fan it wenkompleks terjochte. Wûnder boppe wûnder rekke gjinien ferwûne, mar der is wol in soad skea.

Wenningboukorporaasje Woon Friesland is daliks begûn mei it oprêden fan de panielen. Se hoopje it freed klear te krijen. Wannear't der nije sinnepanielen op it dak komme, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)