Sinnepanielen Doniahal stellen

08 aug 2014 - 10:50
  • Sinnepanielen

Fan de Doniahal yn Sint Nyk binne yn de nacht fan tongersdei op freed achttjin sinnepanielen stellen. It giet om panielen fan 1,5 by in 1 meter. In tsjûge hat in swarte bestelbus mei dûbele kabine riden sjoen. Der soene seis minsken yn de bus sitten ha.

De gemeente de Fryske Marren hat as eigener fan de sporthal oanjefte dien. Neffens in wurdfierder kin de skea oprinne oant wol tsientûzen euro. Neffens de plysje is sprake fan in bysûndere stellerij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)