Sinnefertsjustering út sicht

04 jan 2011 - 08:11
  • Foto's fan Theo Kiewiet op It Amelân

De sinnefertsjustering soarge der tiisdeitemoarn foar dat it langer skimerich bleau. De sinne gie foar it grutste part skûl achter de moanne tusken moarns healwei njoggenen en healwei alven.

Troch de bewolking wie fan de fertsjustering net folle te sjen. Wol wie oan fûgels en oare bisten te fernimmen dat der wat oars as oars wie. De lêste fertsjustering wie op 31 maaie 2003 en de earstfolgjende is op 12 juny 2029.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)