Sinnefertjustering goed te sjen

31 maaie 2003 - 00:00

De sinnefertsjustering wie sneontemoarn goed te sjen yn Fryslân. Rûnom yn 'e provinsje kamen leafhawwers spesjaal foar it natuerferskynsel betiid fan 't bêd ôf.

De fertsjustering wie fan healwei seizen ôf te sjen en duorre oant healwei sânen. It gie om in saneamde ringfertsjustering. De lêste kear dat sa'n eklips boppe Fryslân te sjen wie, wie yn 1765. Eise Eisinga makke doe op Skylge in tekening fan it ferskynsel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)