Sinneboat as boupakket

08 apr 2014 - 21:06

Middelbere skoallen kinne dit jier makliker meidwaan oan de Solar Challenge, de race mei boaten op sinne-enerzjy. De organisaasje hat in spesjale boat ûntwikkele dy't skoallen as boupakket keapje kinne. Dielnimmers oan de saneamde Young Solar kinne dan twa dagen meidwaan oan de ynternasjonale race. Earder heakken middelbere skoallen faak ôf omdat de bou fan in boat te yngewikkeld is. Neffens de organisaasje is it belangryk dat bern al op jonge leeftiid entûsjast reitsje oer technyk en ynnovaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)