Sinne selsstannich fierder

12 mrt 2012 - 16:51

De pjutteboartersplakken fan Sinne yn Ljouwert gean selsstannich fierder. Sânhûndert bern wurde op achttjin lokaasjes yn de gemeente Ljouwert opfongen troch Sinne. Boppedat krije santich húshâldings help by it grutbringen fan bern.

Sinne wie ûnderdiel fan Hulp en Welzijn Leeuwarden dat ferline jier opgie yn de nije organisaasje Welzijn Centraal. Yn febrewaris is de stifting Sinne oprjochte. Under dy namme giet de organisaasje selsstannich fierder mei sechtich wurknimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)