Sinkgraven ynsetber tsjin FC Grins

05 des 2014 - 13:40
  • Daley Sinkgraven

Sinkgraven kin snein yn de wedstriid tsjin FC Grins gewoan meidwaan. De middenfjilder krige ferline wike tsjin Heracles in tik op syn ankel, mar hat freed op de training folút meidien oan de partijfoarm. Ek Schmidt krige in tik yn dy wedstriid nei in pittige oertreding fan Tannane, mar liket op 'e tiid fit. Joey van den Berg en Luciano Slagveer keare werom nei in skorsing.

De opstelling sjocht der nei alle gedachten dan sa út: Nordfeldt, Marzo, Otigba, Van Aken, Van Anholt, De Roon, Sinkgraven, Van den Berg, Slagveer, Uth en Larsson.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)