Sinkgraven yn 'e wachtkeamer

31 aug 2014 - 01:08
  • Daley Sinkgraven

SC Hearrenfean middenfjilder Daley Sinkgraven stiet heech op it ferlanglistje fan Ajax om de seleksje fan de Amsterdammers te fersterkjen. Frank de Boer sjocht yn Sinkgraven in opfolger fan Daley Blind dy't ferkocht is oan Manchester United. Ajax hat yntusken kontakt hân mei SC Hearrenfean. Moarn sille delegaasjes fan beide klups opnij om tafel om te praten oer in eventuele transfer fan Sinkgraven nei Ajax.

De spiler sels hâldt him foarearst op 'e flakte, mar seit mooglik syn lêste wedstriid foar SC Hearrenfean spile te hawwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)