Sinkgraven hâldt op by froulju

16 apr 2009 - 20:46
  • Harry Sinkgraven hâldt op mei it trainen fan de froulju

Trainer Harry Sinkgraven fan de froulju fan Sportklup Hearrenfean, hâldt der nei dit seizoen mei op. Hy hat dan twa jier trainer west. Sinkgraven wol werom nei it manljusfuotbal.

Hy makke it nijs tongersdeitejûn bekend yn it Omrop Fryslân sportprogramma Boppeslach Kafee. Sinkgraven is de earste trainer fan de Hearrenfeanfroulju dy't sûnt twa seizoenen útkomme yn de earedivyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)