Sinkgraven fuort by FC Emmen

03 aug 2010 - 09:35

Harry Sinkgraven giet fuort as trainer fan FC Emmen. De earstedivisjonist, dêr't Sportklup Hearrenfean in gearwurkingsferbân mei hat, en Sinkgraven ha besletten per direkt útinoar te gean. It hoe en wêrom wurdt troch beide partijen net nei bûten brocht.

Azing Griever nimt foarearst de taken oer. Sinkgraven wie foardat hy trainer waard by Emmen trainer fan it frouljusteam fan Sportklup Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)