Sinkgraven en Van Aken ferlieze mei Jong Oranje

13 nov 2014 - 20:58
  • Daley Sinkgraven

De fuotballers fan Jong Oranje ha tongersdeitejûn mei 3-1 fan Dútslân ferlern. Trije spilers fan SC Hearrenfean wiene oproppen foar dit duel. Daley Sinkgraven spile de hiele wedstrijd en Joost van Aken foel yn. Doelman Maarten de Fockert kaam net oan spyljen ta.

De doelpunten foar Dútslân waarden al foar it skoft makke. Jean-Paul Boëtius rêde de ear foar Nederlân mei in doelpunt yn de slotfaze. It wie al earder dúdlik dat Nederlân net optrede sil op it EK fan takom jier en de Olympyske Spelen fan 2016.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)