Sinkgraven en Uth siik en ûnwis foar Utrecht

16 jan 2015 - 14:01
  • Mark Uth

It is noch ûnwis oft Daley Sinkgraven en Mark Uth snein yn de wedstriid tsjin FC Utrecht meidwaan kinne. Beide spilers binne siik. Sinkgraven trainde freed net mei, mar wie wol op it stadion. Uth bleau freed thús en moast sels spuie. Neffens Joey van den Berg binne der meardere spilers wat siik weromkaam út it trainingskamp yn Spanje.

SC Hearrenfean begjint snein mei de twadde helte fan de kompetysje mei in útwedstriid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)