Single Syb wurdt titelsong

06 maaie 2008 - 11:50
  • Snuf de Hond, in oorlogstijd

De nije single fan Syb_van_der_Ploeg wurdt de titelsong fan de film ´Snuf de Hond, in oorlogstijd´. De song ´Heilig Vuur´ komt op 23 maaie út. It is de titelsong fan it Frysk-Nederlânske album ´Heilig Vuur - Hillich Fjoer´.

De foarige single fan dy cd ´Als ik jou zie´ kaam yn ´e top 10. De film draait fan 26 juny ôf yn ´e bioskopen. Letter is er yn dielen op televyzje te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)