Singelland wint priis foar sûn iten yn de kantine

29 maaie 2015 - 14:26
  • Jan Doddema, kantinemeiwurker Singelland yn Drachten

VMBO-skoalle Singelland yn Drachten hat de Skoalkantineskaal 2015 wûn. De priis wurdt útrikt troch it Voedingscentrum. Hy is bedoeld foar skoallen dy't sûne produkten oanbiede yn de kantine. Yn Drachten bestiet it oanbod foar trijekwart út produkten út de bekende skiif fan fiif. Dan moat tocht wurde oan fruit, salades en sûne broadsjes. Singelland is bliid mei de titel en lit witte sa temjitte te kommen oan de winsk fan de âlden en de learlingen.

De Gezonde Schoolkantine is in langrinnend projekt fan it Voedingscentrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)