Singelland-learlingen talinten

10 jun 2011 - 14:09
  • It Singellandkollezje yn Drachten

Twa learlingen fan skoallemienskip Singelland yn Drachten binne troch nei de finale fan de Scholieren Tour Talent 2011. De 15-jierrige Robin Mebius út Drachten sil op piano in stik fan de Italiaanske komponist Ludovico Einaudi spylje.

De 17-jierrige Jasper van Veen út Marum sil it liet Hallelujah fan Leonard Cohen sjonge. Hy wurdt dêrby begelaat troch pianist Jan Vayne. De finale mei acts fan tolve skoallen is yn it Cardo Theater yn Groesbeek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)