Sinezen delsketten op Nijstêd

20 jun 2003 - 00:00

Twa manlju fan Sineeske komôf binne yn 'e nacht fan tongersdei op freed delsketten op 'e Nijstêd yn Ljouwert. Dat barde by it stânbyld fan it hynder. De manlju waarden by in rûzje mei in groepke oare manlju yn 'e rêch sketten.

De plysje nimt de saak heech op en hat 25 minsken op de saak set. Fierders wurde der ek noch nije tsjûgen socht. Neffens oere tsjûgen soene de dieders manlju wêze mei in donkere hûdskleur. De slachtoffers lizze yn it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)