"Sineeske ynteresse foar SC Hearrenfean is wol serieus"

07 okt 2015 - 17:27

De belangstelling fan it Sineeske bedriuw Beijng Successful Investment Management is wol degelik serieus. Dat sizze Henk van den Borg en Pieter Visser. Visser hat tsien jier wurke foar in bedriuw dat konneksjes hat mei it Sineeske bedriuw. Hy is de man dy't de ferbining lein hat tusken de Sinezen en SC Hearrenfean.

Neffens Visser hawwe foarsitter Jelko van der Wiel en Wim Dijk it sels noait echt serieus naam.

Uteinlik ha de twa bestjoersleden fan SC Hearrenfean op 24 septimber wol in útnoeging nei de Sinezen dien om ris te praten, mar is dy ôfspraak ôfrûne snein troch Wim Dijk fia in mail ôfsein. De reden dêrfoar soe ûnrêst op bestjoerlik nivo binnen de klup wêze.

Der wiene yn prinsipe trije data ôfpraat foar in petear, yn novimber en desimber. Visser hat it noch net ôfsein en neffens him stiet de doar noch altyd iepen. Hy fynt de hâlding fan de klup amateuristysk.

Bestjoersfoarsitter Jelko van der Wiel neamt de ferhalen oer de Sinezen in "broodje aap ferhaal".

Lês hjir de brief fan de Sinezen oan SC Hearrenfean en it antwurd fan foarsitter Van der Wiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)