Sineeske tv dwaande mei opnamen yn Dolsterhuzen

30 apr 2015 - 10:56
  • De Sineeske tv-ploech yn aksje yn Dolsterhuzen

Dolsterhuzen is dizze wike it dekôr fan in Sineesk tv-programma. Acht bekende Sinezen komme in wike lang yn 'e kunde mei de Fryske kultuer. Woansdei hawwe de Sinezen nei de kowedûns sjoen, hawwe se fierljept en hawwe se mei de froulju fan de Feanster Rugbyklup in wedstriid yn de modder spile.

Ofrûne sneon diene de Sinezen mei oan de Mud-Run yn Burgum. De Sineeske filmploech is mei goed 70 Sinezen yn Fryslân. Se sliepe yn it Van der Valk Hotel yn Wolvegea. De Fryske ôflevering fan The Journey to the End Of The World komt yn juny op tv.

It giet om in projekt fan de Sineeske tv-stjoerder Jiangsu TV. De TV-stjoerder en it tv-programma betsjinje in miljoenepublyk. Nije wike reizget de folsleine filmploech fan goed 70 Sinezen nei Ierlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)